P. Kramer English

De Ierde in Paradys

Troch automatisearring ta nut fan it hiele minskdom

Gearfetting

Disse brosjuere jout in brede behanneling fan de soasiale en ekonomyske konsekwinsjes fan meganisaasje en automatisearring. Der wurdt yn besocht in śtwei te finen śt de dźrtroch ūntsteande problemen.

In koarte skiednis fan wurk

Noch mar 6000 jier lyn is it, dat de earste tekens fan buorkerij ferskine. Foar dy tiid moat it minskdom syn bestean fūn hawwe yn 'e jacht en yn sammeljen foar it grutste part fan syn bestean op ierde, hjoeddedei rūsd op mear as in miljoen jier.

Mei de opkomst fan de buorkerij learde de minske syn itensfoarsjenning te ferbetterjen troch wurk. As gefolch dźrfan begūn de ierdbefolking sterk ta te nimmen, wat de mearderheid fan de minsken twong om fūl foar har deistich brea te arbeidzjen.

By goede rispingen koene se lykwols in part derfan brūke om oare minsken dingen foar har meitsje te litten. Sa ūntstiene rykdom en hannel. Guon brochten it sels ta in heech nivo fan rykdom, wat harren twong ta it oanstellen fan soldaten om dy rykdommen te beskermjen. Fansels begūnen guon minsken sokke dingen meiinoar te dwaan en dźrmei wie de steat berne. De measte minsken sille lykwols op 'e grins fan 'e hongerdea libbe hawwe. En alle wurkkrźften wiene nedich om dat nivo te hanthavenjen.

In nije sitewaasje ūntstie mei de yndustrialisaasje. Dy fermannichfāldige de lytse krźften fan de minske mei de macht fan mesines en motoaren. Earst ferskinend by de spoarwegen en yn de tekstyl-yndustry, wreide it him stadichoan śt oer oare gebieten en berikte syn grutste ynfloed yn 'e meganisaasje fan 'e buorkerij, dy 't oer de lźste fyftich jier de produksje de man grif mei in faktor tsien tanimme litten hat. Būten in pear minne skoften - lykas yn 'e tritiger jierren - hat disse ūntjouwing yn 'e westlike lannen in sterke taname fan 'e wolfeart feroarsake. De tuorren liken oant yn 'e himel te rikken.

In noch nijer ferskynsel is de automatisearring, dy 't de minsklike wurkkrźft net sa sear fersterket, mar earder gauris oerstallich makket. Hiel wat ferfelende kerweikes koene no oan 'e kompjūter oerlitten wurde en in āld ideaal like wierheid te wurden: wurk soe foar elk in spultsje wurde.

Mar hoe bitter wurde wy teloarsteld! Op 'en doer die bliken dat guon bedriuwen mei minder wurknimmers wurkje koene. Dźrtroch koene se better śt en begūnen oare bedriuwen oermānsk te wurden. Dy bedriuwen binne dan ek twongen om persoaniel te ūntslaan, wat oarsaak is fan de hjoeddeiske sterke taname fan de wurkleazens. De hope op in lokkiger wrāld begjint efter de kimen wei te sakjen.

Wat is de oarsaak fan de hjoeddeiske wurkleazens?

De profeten fan it moderne kapitalisme hiene net sa 'n tebekgong fan wurkgelegenheid ferwachte. Wie dźr net de winsk ta in hieltyd tanimmende wolfeart, dy 't de ekonomyske aktiviteiten ta de uterste top bringe soene? En mear idealistyske minsken tochten: wiene dźr net noch grutte lannen dy 't ta ūntjouwing brocht wurde moasten? Mar no geane de rike lannen net langer foarśt en gāns earme lannen binne earmer as ea.

De reden sil wźze, dat automatisearring wier goedkeaper wurden as minsklike wurkkrźft. Dat betsjut dat de measte śtwreiding fan 'e produksje berikt wurdt troch gruttere automatisearre ienheden. Dźrom liede gruttere ferkeapen net langer automatysk ta gruttere wurkgelegenheid. De ālde meganismen fan'e ekonomy lykje net langer fan tapassing te wźzen. Boppedat koe troch de fal fan it kommunisme de militźre produksje sterk fermindere wurde, wat in ekstra ferlies fan wurkgelegenheid betsjutte.

Dit feroarsaket in sterke konkurrinsje, dy 't de bedriuwen twingt ta in sterke fermindering fan kosten. Oerheden steane ūnder druk om belestingen en soasiale premy's te ferleegjen en der is in beweging om minimum leanen en śtkearings omdel te bringen. It "soasiale paradys" fan de West-Europeeske lannen ferdwynt.

Wat oer ekonomy

De tendins om de kosten te ferleegjen is ynjūn troch ienfāldige ekonomyske oerwegingen en liket folslein natuerlik. Yn it tichtbye ferline hat dy tendins lykwols wolris in sterke tebekgong fan de ekonomyske aktiviteiten feroarsake. Fral yn tritiger jierren joech dat oanlieding ta ūnbidige wurkleazens en earmoed. De measte ekonomen begriepen doedestiids dy sitewaasje net. Ferskate ferklearrings waarden jūn, mar op 't lźst like dy fan John Maynard Keynes krekt te wźzen. Hy liet sjen dat yn it regelsysteem fan de ekonomy sa 'n sterke tebekkeppeling hearskje kin, dat it begjint te triljen.

Nim ris oan dat op in stuit in produsint in misrekken makket yn 'e merk en tefolle produsearret. Dan kin er de produksje ynkrimpe en guon wurknimmers ūntslaan. Dy wurknimmers hawwe dan ynienen in stik minder ynkommen en begjine minder te keapjen. Dat bringt oare wurkjouwers der dan ek ta om persoaniel te ūntslaan. Yn 'e tritiger jierren moat dat effekt himsels fersterke hawwe, wat yn ferskate bedriuwstūken ta in folsleine stilstān late.

Keynes syn remeedzje foar dy sitewaasje wie, dat de oerheden grutte protten jild yn de maatskippij pompe moasten, itsij troch śtkearings of troch it jaan fan opdrachten. Yn dy tiid waarden dźrom ferskate grutte iepenbiere wurken śtfierd, mar de grutte ferbettering kaam earst troch de ūnbidige śtjeften yn ferbān mei de twadde wrāldoarloch en de weropbou dźrnei.

Doe 't yn de tachtiger jierren de wurkgelegenheid op 'e nij tebekrūn, waard Keynes syn middel wer tapast, meast yn 'e foarm fan subsydzjes oan bedrige bedriuwen. Uteinlik like dat middel lykwols net te wurkjen. As gefolch dźrfan rūn it fertrouwen yn Keynes tebek en de oerheden griepen nei de ālde polityk fan besuniging.

De wiere reden fan it sa te sjen net wurkjen fan Keynes syn middel leit lykwols yn it feit, dat de sitewaasje būten it regelberik fan Keynes syn theory rekke wie. As de yndustry fol sit mei automatyske systemen, dan sille subsydzjes net ta mear wurkgelegenheid liede. Mar by besunigingen wurdt Keynes wer jildich en kin de ekonomyske aktiviteit ta stilstān brocht wurde. En dan sille wy de yn it begjin sketste ideale sitewaasje net berikke.

Folsleine automatisearring

As wy fierdergean kinnen hiene sūnder ekonomyske problemen, dan soe de maatskippij de sitewaasje fan folsleine automatisearing beneikommen wźze. Men kin jin ien grut fabryk tinke, dat alle dingen produsearret dźr 't men ferlet fan hat. Sa 'n fabryk hoecht mar ien om him te betsjinjen, ien operator mei in goudene pet op, dy 't de folsleine produksje regelt en it jild ynbart foar de ōflevere produkten.

Yn sa 'n sitewaasje hawwe de measte minsken neat te dwaan. En om 't se dan gjin ynkommen hawwe, sille se nei in beskate tiid ophālde mei produkten te keapjen. Op dat stuit kin it fabryk syn produkten net mear kwyt en moat slute, wylst de minsken ferhongerje.

Hoe kinne wy śt sa 'n sitewaasje weikomme? Gewoan troch jild yn de maatskippij te pompen, net tydlik lykas yn de tritiger jierren, mar oanienwei, want wy hawwe in sitewaasje berikt fan strukturele wurkleazens oer hast de hiele wrāld en net fan konjunkturele wurkleazens lykas doe. En it moat dśdlik wźze dat dat jild komme moat yn hannen fan dyjingen dy 't wurkleas binne.

Lean sūnder wurk

It is tsjin de prinsipes fan ferskate minsken om lean sūnder wurk te jaan. Fral wa 't der sels fūl foar arbeidzje moat, sil sa 'n polityk net maklik oanfurdzje kinne. Men moat der lykwols rekken mei hālde, dat in oansjenlik part fan jins ynkommen ōfkomstich is fan wurk dat earder troch oaren ferrjochte is. Dat kinne mesines en automatisearrings-ynstallaasje yn fabriken wźze, mar ek de troch de oerheid beskikber stelde ynfra-struktuer: wegen, elektrisiteit, wetter, it tillefoannet ensafuorthinne. Dy dingen binne makke troch śs allegearre meiinoar en sa mei elk fan śs min of mear rjocht jilde litte op de baten derfan.

Der wurdt ek sein dat it net goed is om sūnder wurk te sitten. Guon basearje dat sels op bibelske teksten. Boppedat litte soasiologyske stśdzjes de ferkearde ynfloed fan wurkleazens op minsken sjen: it liedt gauris ta ferlies fan ynteresse yn 'e maatskippij en ta folsleine isolaasje. Yn feite sil disse ferkearde ynfloed lykwols te witen wźze oan de algemiene opfetting dat immen heart te arbeidzjen. De wurkleaze fielt him net lekker om 't er feroardiele wurdt troch in tradysje dy 't noch djip yn śs geast bewoartele is.

Mar it is tige wierskynlik dat dy tradysje net bestie foar 't de minsken begūnen te buorkjen. Stśdzjes fan stammen dy 't noch yn it tiidrek fan jeien en sammeljen sitte, leare dat dy faak in tige loai libben liede. Oer de Khoi-San (Bosjesmannen) yn de Kalahari-woastine wurdt sein, dat hja mar in pear dagen yn 'e wike drok dwaande binne en dat jonge minsken neat hoege te dwaan oan 't hja in jier of tweintich binne. Har grutte kennis fan de omkriten makket dat hja maklik libje kinne dźr 't wy "beskaafde" minsken gau ferhongerje soene. Soartgelikense rapporten besteane oer oare "primitive" folken. It ferlerne paradys fan 'e Bibel soe sels in oantinken oan sa 'n sitewaasje werjaan kinne.

Om dy reden is it wierskynlik, dat in miljoen jier fan evolśsje śs net botte geskikt makke hat foar de spanningen fan in modern berop. Faak sjocht men dat minsken har sūner fiele as hja mei pensjoen gien binne. It liket dźrom ferstannich om śs tradisjonele ideeėn oer wurk oan te passen en te begjinnen fan it libben te hālden. Dat kin tagelyk jonge minsken befrije fan it lot, dat hja oan 'e iene kant ūndersteld wurde te arbeidzjen en wat śt 'e wei te setten en dat oan 'e oare kant net kinne om 't der gjin wurk foar harren is. Neffens my is it de tsjinstridigens fan dy tastān dy 't gāns jonge minsken driuwt ta misdied en ferdōvjende middels.

Hjoeddedei hawwe de regearingen in skrikbyld fan temin minsken dy 't foar in grut tal wurkleazen en oare net aktive minsken de kost opbringe moatte. Dat is lykwols de ienfāldige konsekwinsje fan de automatisearring en neat om benaud foar te wźzen. It probleem is allinne om op in praktyske wize it ynkommen te ferdielen tusken wurkers en net-wurkers.

Nettsjinsteande it saneamde profyt fan wurk foar in minske - en ik wol net sizze dat wurk gjin goed ding is foar in minske en dat er der sels gāns befrediging yn fine kin - is it sa dat de measte minsken derfoar betelle wurde wolle. It is dźrom dśdlik dat arbeidzjende minsken troch de bank mear ynkommen hawwe moatte as net-wurkers. De bźste wei om dat te berikken liket it ynstellen fan in basis-ynkommen foar elk. Dźrbūten lykwols sil de frije ūndernimmingsgeast tastien wurde moatte de ekonomyske aktiviteiten te regeljen.

Dejingen dy't benaud binne dat it minskdom weisakje sil yn loaiens, soene ris betinke moatte dat de kultuer fan Griken en Romeinen ta grutte bloei kaam om' t hja slaven hiene dy't it wurk foar har diene. Letter gie dy kultuer ūnder troch deselde slaven, mar it is slim yn te sjen hoe't wy ūndergean soene troch śs robots. Of it soe wźze moatte troch de keunstmjittige earmoed dy't śs oplein wurdt troch de hjoeddeiske doktrines.

Lykwicht fan macht

Gāns minsken binne grutsk op śs westerske demokrasy, dy 't nei 't se tinke fźstlein is yn śs kultivearre geast. Yn wźzen is folsleine demokrasy net earder ta stān kommen as yn disse tweintichste ieu. En sels yn dy tiid hat it ferskate kearen bedrige west. Der is in opmerklik gearfallen fan it ta stān kommen fan de folsleine demokrasy en it opkommen fan de fakbeweging. De fakbeweging ūntliende op syn bar de macht oan krapte fan wurkrźften as gefolch fan de sterke groei fan de yndustry, wat dan wer foar in part lein hawwe kin oan de grutte koloaniale merk en de goedkeape grūnstoffen dźrwei.

Neffens my is demokrasy net mear as ūnderhanneling tusken machten yn it plak fan fjochtsjen. En yn dy ūnderhannelingen krigen de wurknimmers earst in stim, doe 't se sels macht opboud hiene. Dat ferklearret tagelyk wźrom 't de demokrasy swakker is yn perioaden mei grutte wurkleazens of yn lannen mei in minne wurkgelegenheids-sitewaasje.

Dat lykwicht fan macht hawwe wy ek nedich om in basis-ynkommen foar elk te berikken. Dźrfoar is it needsaaklik dat der in solidariteit fan alle wurkers en net-wurkers is. Dat is it type fakbeweging dat wy yn Westeuropa hawwe. De fakbeweging behertiget de saak fan ąlle wurkers, ynsletten de net-leden en de wurkleazen. De reden dat dy solidariteit bestean bliuwt, leit yn it feit dat de measte wurknimmers de driging fiele fan ek wurkleas te wurden. Dat betsjut dat de macht fan de fakbeweging brūkt wurde kin om in basis-ynkommen te berikken en te stabilisearjen op in reedlike hichte. Yn West-Europa soe dy sels de minimum-leanen as swiertepunt fan aksje ferfange kinne.

Op dit plak moat sein wurde, dat it prinsipiėle rjocht fan eigendom op gjin inkelde wize oantaast wurde mei. Sels as wy śssels mar as de rintmasters fan śs besit beskōgje, dan is it noch is it tige ūnwierskynlik dat in net daliks ynteressearre persoan of ynstānsje - lykas de steat - śs saken better behertigje kinne soe as wy. Persoanlik belang is de grūnslach fan de foarśtgong, dat leit yn de minsklike natuer. Dat liket yn tsjinspraak mei de stelling dat wy śt seedlik gesichtspunt allegearre de eigners fan de grutte robot binne. Yn feite betsjut it lykwols, dat wy de kapitalistyske maatskippij allinne mar korrigearje en net ferneatigje moatte. It liket derop dat it persoanlik basis-ynkommen dy korreksje folslein fersoarget, dat as belesting kin dan in ienfāldige prosintuele ynkomstebelesting of omsetbelesting tapast wurde.

Ynfloed śt it būtenlān

Oan 't no ta hawwe wy it probleem allinne mar beskōge as in binnenlānske saak. Yn feite is der lykwols in sterke ynternasjonale ynfloed, fral no 't de grinzen fan 'e lannen mear iepen komme te lizzen foar allerhande guod. Dat betsjut, dat lannen meiinoar begjinne te konkurrearjen. In lān mei hege soasiale lźsten hat hege produksjekosten en sil in part fan syn merk kwytreitsje. Wurkjouwers yn lannen mei in grutte śtfier bepleitsje dźrom ferleging fan de soasiale lźsten. Dat sil har kosten ferminderje en dźrmei har merk-oandiel fergrutsje. Yn it algemien beskōge sil in ferleging fan soasiale lźsten lykwols in ferleging fan keapkrźft feroarsaakje en dźrmei in ferlies fan merk-folume oer de hiele wrāld rekkene. It neijeien fan it belang fan aparte lannen is dźrom skealik foar it gehiel. In pynlik haadstik hjiryn is de wize wźrop 't lannen en regioanen de stifting fan fabriken op har gebiet besykje te "keapjen", om de lokale wurkgelegenheids-sitewaasje te ferbetterjen.

Dit fraachstik kin allinne oanpakt wurde troch ynternasjonale oerienkomsten dy 't liede ta evenredige sprieding fan produksjemiddels oer de wrāld. Dy sprieding kin ienfāldich oan bedriuwen oplein wurde troch de wei fan subsydzjes en lźsten. Yn Europa is it ferlienen fan yndustriėle subsydzjes al in saak fan de EEG. Yn 'e praktyk lykje nasjonale belangen lykwols noch in grutte rol te spyljen. Yn dit opsicht soe in fersterking fan it ynternasjonale oparbeidzjen fan fakbūnen in wichtige ynfloed hawwe kinne. Ynternasjonale hannelsoerkomsten soene dan ek in beskaat nivo fan soasiale soarch ferplichte stelle moatte, lykas as hja no eksport-subsydzjes ferbiede.

De earme lannen

De yndustrialisaasje is yn West-Europa en de Feriene Steaten begūn. Dy gebieten koene oer in lange perioade in hege wolfeart hanthavenje. Dźrby besochten de yndustrialisearre lannen de yndustrialisaasje fan oare lannen op te kearen, yn it bysūnder yn har koloanjes.

Earst nei de twadde wrāldoarloch waard Japan in yndustriėle macht, letter folge fan oare East-Aziatyske lannen. De measte oare lannen wiene lykwols te let om in moderne yndustriėle struktuer op te bouwen. Boppedat wurdt harren tradisjonele ekonomyske struktuer ōfbrutsen troch ymporten fan de yndustrialisearre lannen. Sels de tradisionele boer mei syn tige leech ynkommen begjint belies te jaan foar syn moderne konkurrinten śt it westen.

Ien en oar liedt ta in grutte wurkleazens yn dy lannen, nettsjinsteande it tige lege leannivo. Grutte parten fan de befolking libje op 'e rāne fan it bestean, wat in tige fruchtbere grūn oplevert foar misdied en revolśsje. Alle revolśsjes liede lykwols ta neat, om 't it altyd in lytse minderheid is dy't de macht hat. Sels it kommunisme is net oan dy falkūle ūntkommen. Demokrasy liket allinne mūglik by in lykwicht fan machten, dat betsjut by in goed sprate wolfeart.

Foar de earme lannen soe men deselde wize fan wolfeartssprieding yn jin omgean litte kinne as dy 't hjirboppe foar de westlike lannen ferdigene is. Subsydzjes foar yndustrialisaasje lykje in goed middel om dat te berikken. Yn ferskate fan dy lannen floeie sokke subsydzjes lykwols yn 'e būsen fan dy 't de macht hawwe. Dźrom soene lytse persoanlike subsydzjes foar de earmen yn dy lannen wolris folle mear frucht drage kinne.

It moat dśdlik wźze dat sokke subsydzjes direkt oanlieding binne ta fergrutting fan de fraach en dźrtroch ta in taname fan de hannel. Dźrom sille de kosten der sels op 'e koarte termyn wer śtkomme.

Us takomst

Yn dit tiidrek moatte wy in kar meitsje. As wy trochgeane mei it ferleegjen fan 'e oerheidsśtjeften, dan rinne wy de kāns yn in delgeande spiraal te reitsjen, dy 't ūteinlik de westlike lannen yn inselde sitweaasje bringe sil as boppe foar de earme lannen beskreaun.

Mei fierdergeande automatisearring sil it tal wurkjenden lytser wurde en mear en mear begjinne te bestean śt goed oplate en heech betelle spesialisten, dy 't harsels tsjin wurkleazens fersekerje kinne. Yn dat gefal sille se har net langer wat oan de earmen gelegen litte en is de solidariteit ferlern. Dan sil de demokrasy ferswakje en misdied en revolśsje sille de maatskippij behearskje. Yn sa 'n sitewaasje kinne wy de soarch foar de natoer wol ferjitte. En it alderminste is dat der dan gjin śtwei is, om 't ālde fakbūnen net mear besteane. Allinne in grutte oarloch, wat yn feite in enoarme subsydzje yn it neat is, soe dan de sitewaasje faaks noch feroarje kinne.

It alternatyf is, dat wy sokke subsydzjes op in wat oarderliker en nuttigere wize jouwe, lykas boppe beskreaun. Yn dat gefal berikke wy faaks wer it paradys, dźr 't de evolśsje śs geskikt foar makke liket te hawwen. Mar as wy net foar it paradys kieze, dan kinne wy yn in hel telāne komme!

NEISKRIFT

Dit is mar in samling ideeėn, yn it earste plak bedoeld as in tsjinwicht tsjin de hjoeddeiske opfettings oer ekonomy. Minsken binne keppelbisten: se fleane allegearre nei ien kant, sels de grutste gelearde*. It kommunisme is mislearre en dźrom wurdt hjoeddedei alle heil fan it neakene kapitalisme ferwachte. Wat in primitive en ūnwittenskiplike benadering!

Myn lekeferstān seit dat wy maklik genōch meitsje kinne om de hiele wrāldbefolking iten en huzen te jaan en wat śtsjoch te jaan. It probleem is allinne hoe 't wy de wolfeart ferdiele moatte. Op dat gebied moatte wy de ālde opfettings fan goed en kwea farre litte: ik tink dat it net in temin oan goede wil is wat śs problemen jout, mar in temin oan betūftens. In temin oan betūftens by politisi, in temin oan betūftens by yndustriėlen en in temin oan betūftens by alle oare spesialisten. By al syn geleardens bliuwt de minske mar in machteleas wźzen.

Neffens my is it śs taak as leken om mei de help fan al dy dochs knappe spesialisten in śtwei śt disse draaikolk te finen. Mei ienfāldich mar dochs soarchfāldich riddenearjen moatte wy de problemen fan de wrāld behannelje. Disse ideeėn moatte oanfolle en ferbettere wurde om se dan op ferskate wizen te fersprieden. Dźr is oparbeizjen foar nedich. Dźrom soene wy in ynternasjonale PARADYS-BEWEGING begjinne kinne, om de goede wei foar it minskdom op ierde te kiezen.

P. Kramer, 5-11-1993.

*) De auteur stiet net būten de maatskippij, mar wa' t wolris in kloft protters besjoen hat, dy wit dat der altyd guon binne, dy' t tsjin de algemiene rjochting yn geane. Soms wurde se folge, mar soms net.